Tweintich prosint minder learlingen yn 2030 yn Fryslân

12 jun 2018 - 20:25

It tal learlingen op de Fryske middelbere skoallen sakket oant 2030 mei 21,1 prosint. Allinne yn de provinsje Drinte is de ferwachte delgong fan learlingen noch dramatysker: 21,8 prosint. Minister Arie Slob fan Underwiis hat dizze sifers oan de Twadde Keamer bekend makke.

Yn ús provinsje krijt foaral it vmbo minder learlingen. By vmbo-bern dy't mear help nedich ha (learwei-ûnderstypjend ûnderwiis) sels 40 prosint minder bern. De havo en vwo hawwe yn 2030 15,8% en 16,8% minder learlingen.

Mear gearwurking

Slob ropt skoallen yn it fuortset ûnderwiis op om mear gear te wurkjen om de delgong op te fangen, sa skriuwt er yn in brief oan de keamer. Skoallen bekonkurrearje elkoar neffens Slob no faak by it lûken fan nije learlingen. Op de lange termyn is dat net hâldber, seit er.

It beskikbere jild moat bestege wurde oan gearwurking en ynnovaasje om it ûnderwiis op in heech peil te hâlden.

Lanlike sifers

Lanlik giet it tal learlingen yn 2030 mei sa'n 12 prosint werom. Dat binne goed 113.000 bern.

Twadde Keamerlid Harry van der Molen oer de krimp yn it ûnderwiis

(advertinsje)