Plysje rôlet wytplantaazje yn Harns op; ien persoan oanholden

12 jun 2018 - 19:49

De plysje hat tiisdeitemiddei oan de Kanaalwei yn Harns in wytplantaazje oprôle. Yn de loads waarden troch de plysje goed 1.200 planten oantroffen. Der is ien persoan oanhâlden; it giet om de eigener fan de loads dy't sels yn Berltsum wennet.

Foto: Nick den Boer

Yn de loads is ek apparatuer oantroffen dêr't noch in wytplantaazje mei ynrjochte wurde koe.

De wytplanten binne troch de plysje meinommen en wurde ferneatige. Hoe't de plysje de plantaazje krekt op it spoar kaam wie, is net bekend.

Trefwurden: 
Harns plysje wytplantaazje
(advertinsje)