Deputearre Kielstra oer Nij Hiddum-Houw: "Ik ha net faald"

Petear yn Fryslân Hjoed oer Nij Hiddum-Hou
Deputearre Kielstra fynt net dat er faald hat, no't der yn de streek kwealik draachflak is foar it wynpark Nij Hiddum-Houw. Tiisdei is de tumultueuze gong fan saken by de harksit besprutsen yn it kolleezje fan Deputearre Steaten. Oan it foarstel nei Provinsjale Steaten sil Deputearre Steaten lykwols neat feroarje.
Moandei gie in grut part fan de oanwêzigen lilk fuort by de harksit oer it wynpark Nij Hiddum-Houw. De swier teloarstelde ynsprekkers krigen it gefoel dat se om 'e nocht ynsprutsen hiene.
Neffens Kielstra hat hy it maksimale derúthelle, om de streek yn 'e mjitte te kommen. Breed draachflak is yn sa'n yngewikkeld dossier te folle frege, neffens de deputearre: "Akseptaasje is it measte wat je noch berikke kinne."
Ferslachjouwer René Koster yn petear mei Klaas Kielstra