Te min oplieders foar blinehûnen yn Fryslân

12 jun 2018 - 18:19
Foto: Omrop Fryslân

Yn Fryslân en it hiele noarden fan Nederlân is in tekoart oan minsken dy't blinehûnen opliede wolle fan pup ôf.

Yn Fryslân binne dat der op dit stuit mar twa. Ien fan harren is Nella Koolschijn fan Mantgum. Sy woe nei har pensjonearring wat aardichs en wat nuttichs dwaan en kaam sa by it oplieden fan blinehûnen telâne.

Elke jonge hûn, op dit stuit is dat de golden retriever Pippa, bliuwt ûngefear ien oant oardel jier by har. Dêrnei giet dy fierder nei in oplieding fan blinehûnen yn bygelyks Almere of Drachten. Neffens Koolschijn is it prachtich en tankber wurk dêr't je in blyn minske echt mei helpe kinne. Wol jout se ta dat it dreech is om ôfskie te nimmen fan in hûn oan de ein fan it opliedingstrajekt.

Se ropt minsken op om harren foar dit moaie frijwilligerswurk op te jaan.

Trefwurden: 
blinehûn
(advertinsje)
(advertinsje)