Sportsintrum It Gryn yn Stiens smookfrij

12 jun 2018 - 18:02

Nei swimbad de Blauwe Golf yn Ljouwert wurdt no ek it terrein om sportsintrum It Gryn yn Stiens hinne smookfrij. Op it hiele terrein mei net mear smookt wurde. Dat jildt ek foar de sinnegreide en de bûtenbaden.

Sportbedriuw bv Sport is behearder fan It Gryn. De organisaasje hat koartlyn in oerienkomst ûndertekene om derfoar te soargjen dat bern smookfrij opgroeie kinne. BV Sport wol al syn akkommodaasjes smookfrij meitsje. De organisaasje besjocht yn gearwurking mei ferskate sportklups nei mooglikheden om dat foar elkoar te krijen.

(advertinsje)