Keunstners ateliergroep Nijlânsdyk net te sprekken oer sluting gebou

12 jun 2018 - 17:05

"Skandalich!", fine de keunstners fan ateliergroep Nijlânsdyk it dat de gemeente Ljouwert middenyn it Kulturele Haadstêdjier in kreatyf briedplak yn de stêd "om sjippe helpt", sa't de keunstners sizze. Ek de minsken fan it repairkafee en de twaddehânskwinkel binne net te sprekken oer de gong fan saken.

Tiisdei hie it âlde LTS-gebou ûntromme wêze moatten. De measte keunstners dy't der in atelier hierden, binne yntusken ferhuze nei djoerdere romten of binne dêr mei dwaande. De gemeente wol it gebou slope en der is in foarnimmen om der apparteminten te bouwen.

Yn in earder stadium drige ek al sloop fanwege bouplannen. Mar dy koenen net út en de gemeenteried kearde de sloop. om't de plannen net konkreet genôch wiene. It fernuveret de brûkers fan it gebou dat no wol oergien wurdt ta ûntromming en sloop. De winkel en it repaircafe sitte sûnt moandei oan de oare kant fan de dyk yn in romte dy't se sels hiere as stichting, om't de gemeente harren sitte lit, fine se.

Net eltsenien giet fuort

Keunstner en bewenner fan it earste oere, Minne Hoekstra, bliuwt sitten út protest en wegeret syn wen- en wurkplak op te jaan.

Keunstner Minne Hoekstra foar it te slopen gebou - Foto: Omrop Fryslân, Ronnie Porte
(advertinsje)
(advertinsje)