Boete foar ynset diselbus Arriva op Skylge

12 jun 2018 - 16:13

Ferfierder Arriva hat fan de provinsje in boete krigen foar de ynset fan in diselbus op Skylge mei de peaskedagen. It giet om in bedrach fan 10.000 euro.

Op it eilân binne inkeld elektryske bussen tastien, mar fanwegen de steuringen mei dy elektryske bussen sette Arriva ynsidinteel diselbussen yn.

Neffens de provinsje hie de ferfierder tasein dat dit nei 1 april fan dit jier net mear barre soe. Mei de peaskedagen ried der nettsjinsteande dy ôfspraken dochs in diselbus oer it eilân.

Deputearre Johannes Kramer

Trefwurden: 
bus boete Skylge Arriva
(advertinsje)
(advertinsje)