VLOG: Fan Ljouwert nei Greifswald; sân kear oerstappe

12 jun 2018 - 16:11

Reizgje troch Europa dogge je net mei it fleantúch of mei de auto, mar mei de trein, dat is folle duorsumer. Sels Schiphol is dêr hjoed-de-dei foarstanner fan. Mar, yn 'e praktyk falt sa'n treinreis oer de grins net altiten ta. Nim de reis fan Ljouwert nei Greifswald, in universiteitsstêd yn it noarden fan Dútslân. De reis is te boeken by Deutsche Bahn, mar ferget wol sân kear oerstappe. Dat ûnderfûn Omrop Fryslân-ferslachjouwer Onno Falkena.

It stasjon fan Greifswald yn Mecklenburg-Vorpommern - Foto: Omrop Fryslân

De seis oerstapplakken binne Grins, Leer, Bremen, Lübeck, Bad Kleinen, Rostock en Stralsund. It ôflizzen fan de goed 600 kilometer nei Greifswald ta duorret dan sa'n tsien oeren, in reistiid dy't noch net echt konkurrearje kin mei de auto.

De rûte fan Ljouwert nei Greifswald mei de trein - Foto: Omrop Fryslân

Op de reis nei it easten komme je ferskate behinderingen tsjin. De earste is de Friesenbrücke oer de Iems yn Ostfriesland. Dy treinbrêge is stikken en wurdt pas yn 2024 ferfongen. Arriva lit om dy reden in bus ride tusken Grins en Leer yn plak fan in trein, in fertraging fan seker 20 oant 30 minuten. Yn Leer giet de reis fierder nei Bremen mei in Dútske intercity. Yn Bremen docht bliken dat sa'n bytsje alle treinen fertraging hawwe, dy nei Lübeck sels in minút as 40. De ferneamde Dútske Pünktlichkeit is by Deutsche Bahn net altiten fan tapassing. "Leider!", "Spitigernôch", seit in Dútske treinreizger. Ien kear yn Lübeck is it draven en fleanen om de oanslutende regionale trein nei Bad Kleinen te heljen. It plakje Bad Kleinen is benammen in krúspunt fan spoarwegen, dêr't drok oan ferboud wurdt. Op itselde perron kin oerstapt wurde op de trein nei Rostock.

Treinkaartsjes mei mar leafst seis 'tangstimpels' - Foto: Omrop Fryslân

Mecklenburg-Vorpommern, oftewol Meck-Pomm, sa't in soad Dútsers sizze, is in dielsteat mei in hiel soad romte. De treinen ride oerenlang troch in fierhinne leech lânskip. Om ho te hâlden op in lyts stasjontsje moat de reizger op in knop drukke, lykas yn Fryslân yn de bus gebrûklik is. Yn it lânskip steane noch ferskate ruïnes fan eardere steatsbuorkerijen, ek wol bekend ûnder de namme LPG (Landwirtschaftliche Produktionsgenossenschaften). Lânskip, mar ek de stimming is oars as yn West-Dútslân. De minsken binne freonlik, mar meitsje minder drokte en leven as har lângenoaten yn it westen. Ferskate stasjons binne kopstasjons; je ride der mei de iene trein yn, om mei in folgjende trein earst in stik oer itselde spoar wer werom te riden, foardat de reis wer fierder giet. In trochgeande trein kin hjir seker tiidwinst opsmite, safolle is dúdlik.

Foto: Omrop Fryslân

Nei op de kop ôf tsien oeren wurdt Greifswald berikt, in ferrassend moaie universiteitsstêd yn it noardeasten fan Dútslân. In bytsje lytser as Ljouwert, mar mei in moaie binnenstêd mei terrassen, studintekroegen en in haven. En fansels, Greifswald is ek te berikken fia Berlyn, mar dizze grutte omwei smyt gjin inkelde tiidwinst op. Ek fia de haadstêd fan de Bûnsrepublyk duorret de treinreis tsien oeren, as je gjin fertraging hawwe.

Mei de trein reizgje troch Europa: it kin, mar je moatte net hastich wêze.

(advertinsje)