Frysk readbûnt kealtsje út Raerd hat in namme krigen

Omrop Fryslân folget it libben fan in Frysk readbûnt kealtsje om sa wat omtinken te freegjen foar it ras. It stik libjend kultureel erfgoed fan Fryslân driget út te stjerren troch de nije fosfaatregels. De Fryske readbûnte kij rinne al sûnt de midsiuwen yn de Fryske greiden, mar no binne der noch mar 400 fan yn Nederlân. De Stichting Roodbont Fries Vee makket him grutte soargen.
It Frysk readbûnte kealtsje krijt in namme
It kealtsje dat wy folgje is op tongersdei 19 april 2018 op de buorkerij fan Jaring Brunia yn Raerd berne. Brunia is in soad dwaande mei de âlderwetske wize fan buorkjen. Hy hat no tsien suvere Fryske readbûnte kij. It giet tige goed mei it kealtsje.
Om't se noch gjin namme hie, ha wy minsken oproppen om suggestjes yn te stjoeren. Op de fraach nei wa't it kealtsje ferneamd wurde moast, krigen we sa'n 140 ferskillende nammen. Ut al dy nammen mei de ferhalen derachter, ha wy in namme keazen.
Se groeit enorm. En se yt, drinkt en poept goed. Faak binne kealtsjes in bytsje yn de diarree, mar dêr hat dit kealtsje gjin lêst fan. Ik bin tige tefreden.
Boer Jaring Brunia
© Omrop Fryslân
En de namme fan it kealtsje is wurden... Jeltsje!
Karin Sloothaak hat ús in mail stjoerd om it kealtsje nei har skoanmem Jeltsje te ferneamen. Jeltsje Koopsma is 57 jier âld en is opgroeid op in buorkerij mei readbûnte kij yn Sint-Jânsgea. Jeltsje hat wat mei kij, mar de readbûnte is dochs echt wol har favoryt. Yn har hûs hat se fan alles fan kij. Bylden, skilderijen, han- en teedoeken en sels in kowepyama. Karin hat har skoanmem ferrast mei in bertekaartsje yn in fotolistje, sadat se altyd nei Jeltsje sjen kin.
Ik fyn it sa bysûnder. Op de buorkerij by myn heit is der nea in kealtsje nei my ferneamd. En no is der in Frysk readbûnt kealtsje mei myn namme; Jeltsje.
Jeltsje Koopsma
© Omrop Fryslân
Jeltsje hat it kealtsje ek al moete. Se mocht har by boer Jaring Brunia in moaie halsbân omdwaan en se wie derby doe't Jeltsje foar it earst mei de oare kealtsjes nei bûten ta mocht. Nei in pear bokkesprongen stiene de kealtsjes yn it lân dêr't se ta de hjerst stean bliuwe.
© Omrop Fryslân
Ek yn Grins komme se op foar de Fryske readbûnte kij.
Mear witte oer de Fryske readbûnte kij? En Jeltsje it kealtsje folgje? Sjoch dan op Omropfryslan.nl/kij.