Skilderijen fan patroanhillige foar sân Fryske tsjerken

12 jun 2018 - 16:02

De stifting Nieuwe Kunst in Oude Kerken hat foar de tsjerken fan Deinum, Boksum, Blessum, Leons, Baard, Winsum en Easterlittens elk in monumintaal skilderij kocht fan de patroanhillige.

Foto: Omrop Fryslân

De keunstwurken binne makke troch Giovanni Dalessi, in Nederlânske skilder mei Italiaanske woartels. Neffens de stifting is it ien fan de bêste figurative skilders fan dit momint.

Ta gelegenheid fan de oankeap jout de stifting in boek út en komt der fan 't simmer in eksposysje. De stifting hat seis dichters frege om in gedicht te meitsjen by de sân skilderijen. Dy steane yn it boek, dat oan de ein fan de moanne yn elk fan de sân tsjerken te keap is. De eksposysje wurdt freed 29 juny iepene yn de Catharinatsjerke fan Leons.

(advertinsje)