Ljouwerter Djairo Terpstra yn bestjoer Jonge Socialisten

12 jun 2018 - 15:45

Djairo Terpstra (22) fan Ljouwert is keazen yn it nije bestjoer fan de Jonge Socialisten. Hij wurdt siktaris fan de lanlike jongere-ôfdieling fan de Partij van de Arbeid.

Terpstra is dúdlik oer syn politike stânpunten: "Ten tijde van een rechts kabinet dat cadeautjes uitdeelt aan multinationals, moet de Jonge Socialisten laten zien dat het anders kan. Wij moeten er zijn voor de leraren, verplegers, zzp'ers en andere vakmensen. Wij moeten laten zien dat iedereen een goede woning, opleiding en baan verdient", seit Terpstra.

De Jonge Socialisten is de politike jongere-organisaasje fan de PvdA, foar jongeren tusken de 12 en de 28 jier. De klup hat sawat 2.000 leden en is dêrmei ien fan de gruttere politike jongere-organisaasjes yn Nederlân.

(advertinsje)