50.000ste besiker foar tentoanstelling Escher op reis

De tentoanstelling Escher op reis yn it Fries Museum krige tiisdei de 50.000ste besiker op besite. Dat is likernôch oardel moanne nei de iepening fan de tentoanstelling.
'Relativiteit', houtsnede út 1953 © www.mcescher.nl
Julie en Robert Bloemer út Abcoude waarden tiisdei feestlik ûntfongen troch it museum. Sy krigen fan direkteur Kris Callens in print út 1953 fan Maurits Cornelis Escher.
De tentoanstelling is noch te sjen oant en mei 28 oktober. Om't der sa'n soad belangstelling foar is, hat it museum de iepeningstiden ferromme.