Martenastate yn Koarnjum wreidet út

12 jun 2018 - 13:32

Martenastate yn Koarnjum kin útwreidzje nei de oankeap fan twa perselen grûn fan Steatsboskbehear. It giet om in stik bosk en in singel fuort njonken it bûten Martenastate. Der is jierren praat oer de oankeap, mar tiisdei koe de akte lang om let passearre wurde.

De ûndertekening op Martenastate - Foto: Omrop Fryslân

Notaris Siebe Swart wie foar de gelegenheid nei Martenastate kaam dêr't yn de teetún de stikken tekene waarden. De oankeappriis foar de 2,5 hektare grûn is 44.000 euro, dêr't de stifting noch stipe foar sykje sil by ferskate fûnsen. Doel is dat de nije perselen sa oanpast wurde dat se direkt oanslute by it karakter fan it besteande park wêrby't de ferneamde stinzefloara optimaal syn gerak krijt. It wurk nimt sa'n twa jier yn beslach, mar it park bliuwt gewoan iepen foar publyk.

De grûn fan buorman is mar ien kear te keap.

Foarsitter Henk Buith fan de stifting Martenastate
Foarsitter Henk Buith fan stifting Martenastate - Foto: Omrop Fryslân

De reportaazje oer Martenastate

Lânskipspark Martenastate - Foto: OF
(advertinsje)