Letitia de Jong 'hiel bliid' mei nije reedrydploech

12 jun 2018 - 13:18

Reedrydster Letitia de Jong fan Feanwâlden is bliid dat se foar takom seizoen in nije ploech hat. It kommende jier rydt se by Team IKO. In soad toppers sitte noch altyd sûnder in sponsor, mar dy soargen hat De Jong net mear. "Ik bin der hiel bliid mei. En it is ek net samar in ploech."

Nederlânsk kampioene sprint Letitia de Jong - Foto: orange-pictures.nl

De sitewaasje yn it riden is op dit momint soarchlik.

Reedrydster Letitia de Jong

Gjin kontrakt

De Jong krijt by har nije ploech gjin kontrakt. Dat foarrjocht is allinne weilein foar Jorien ter Mors. Alle rânebetingsten by IKO binne neffens De Jong wol goed regele. "Trainers, programma's en de stêf deromhinne wurdt allegear fasilitearre. Alles wat in kommersjeel team hat, hawwe wy wol. Utsein in salaris. Mar dat bin ik net oars wend de ofrûne jierren." Opfallend is it wol, dat de Nederlânsk kampioene sprint dus sûnder kontrakt ride moat. "In pear jier lyn ast Nederlânsk kampioen waardst, hiest in bettere útgongsposysje. Mar de sitewaasje yn it riden is op dit momint soarchlik. Dêr sit ik wol oer yn", fertelt De Jong.

Letitia de Jong oer har nije reedrydploech

Want it is noch altyd krisis yn reedrydlân. Toppers as Jorrit Bergsma, Ireen Wüst en Esmee Visser sitte sûnder ploech foar kommend seizoen. De Jong hat der nea echt oer yn sitten oft se wol in ploech krije soe. "Ik ha al yn in betiid stadium kontakt hân mei de bruorren Ten Hove, dy't de ploech opsette. Dizze opsje lei der al in pear wiken. Dus dêr ha ik net bot oer yn sitten."

(advertinsje)