Hendikepte bern meie net sporte op fersmoarge terrein sjitbaan

12 jun 2018 - 13:14

De nije eigener fan de âlde sjitbaan fan de plysje yn de bosk by Ketlik kin neat mei it terrein begjinne. Marko de Vries fan Sport Anders, dat sport oanbiedt oan bern mei in beheining, mei it terrein net op mei de bern. It terrein is noch hieltyd fersmoarge mei lead fan de kûgels en de plysje hat der yn de rin fan de jierren sa'n 20 deade plysjehûnen begroeven.

Marko de Vries - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

De Vries kin it terrein dêrom net brûke foar it hâlden fan sportaktiviteiten mei de bern. In grutte tebeksetter, sjoen de ynvestearring fan 55.000 euro. Boppedat is it dreech om dúdlikheid te krijen oer de mooglikheden dy't passe binnen it bestimmingsplan, no't der krekt in nije koälysje yn de gemeente begûn is.

De Vries hat nei eigen sizzen twa opsjes: of de eardere eigener keapet it terrein werom, of dy rommet it terrein wol goed op. De Vries is bang dat hy yn djoere rjochtsaken bedarret. Sels wol hy syn plannen graach trochsette, om't oars de bern it slachtoffer wurde.

Harkje nei de reportaazje

(advertinsje)