''Caparis fertsjinnet nije kâns''

12 jun 2018 - 11:40

De gemeenten dy't oandielhâlder binne fan Caparis, moatte oars tinke oer de wurkfoarsjenning. Dy oprop docht wethâlder Roel Haverkort fan de gemeente Smellingerlân.

Caparis - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Caparis makke de ôfrûne jierren drege tiden troch nei oanlieding fan allerhande ynterne konflikten. Mar Caparis is op de wei werom en fertsjinnet neffens Haverkort in nije kâns. Hy sei dit moandei by de offisjele start fan de ôfdieling Stream fan Caparis. Dêr krije minsken mei in WW- of bystânsútkearing in kâns om mei help fan persoanlike begelieding wurkûnderfining op te dwaan. It trajekt makket de kâns op in baan grutter.

Harkje nei wethâlder Roel Haverkort en Theo Pijl

(advertinsje)