Maarten van der Weijden slacht De Iselmar oer

12 jun 2018 - 11:11

Lange ôfstânswimmer Maarten van der Weijden slacht yn syn trainingstocht fan Amsterdam nei Ljouwert de Iselmar oer. De omstannichheden binne te swier, seit er. En dat soe syn tarieding op it swimmen fan de Alvestêdetocht yn augustus yn gefaar bringe kinne.

Tarieding 11stedenswimtocht - Foto: 11stedenzwemtocht

"Van Amsterdam naar Enkhuizen viel het echt wel tegen. Slecht weer, wind vanuit het noordoosten. Alles tegen. Het IJsselmeer wat echt een klotsbak is. Vreselijk!" seit Van der Weijden yn in filmke op syn Facebookside. Dêr kaam noch by dat syn kearntemperatuer sakke nei 35,1 graden. En neffens syn medysk team is dat echt in absolute minimum.

Mei de boat

De trainingstocht is bedoeld om fan alles te testen yn de tarieding op de echte Alvestêdetocht: it spesjale pak, sliepe op in flot op it wetter, oer slûzen hinne takele wurde en swimme yn Fryslân. Dat soe er allegear op it spul sette troch op de Iselmar tefolle fan him sels te freegjen. Dêrom stekt er no de Iselmar oer yn in boat.

Yn Starum pakt Van der Weijden de tried wer op. Dêr wurdt de swimmer mei in kraan oer de slûs hinne tild, yn in spesjaal dolfinenet.

(advertinsje)