Reaper-drones smite ekstra banen op by fleanbasis Ljouwert

12 jun 2018 - 11:04

De komst fan fjouwer Reaper-drones nei de fleanbasis yn Ljouwert, soarget foar ekstra wurkgelegenheid. Earder wie tocht dat der 110 banen nedich wienen foar it ûnderhâlden en betsjinjen fan de drones, mar dat binne der úteinlik 151.

Dat skriuwt de steatssekretaris fan Definsje oan de Twadde Keamer. De fjouwer Reapers moatte fan 2020 ôf ynsetten wurde op de fleanbasis. It giet om net-bewapene drones dy't benammen ynsetten wurde foar ferkenning. De drones kostje 179 miljoen euro en binne nei ferwachting 20 jier lang ynsetber. De eksploitaasjekosten binne sa'n 25 miljoen euro yn it jier. Mochten de drones ynsetten wurde by missys, dan rinne dy kosten op oant 60 miljoen euro.

(advertinsje)
(advertinsje)