SC Hearrenfean en SC Cambuur begjinne it nije seizoen mei in útwedstriid
SC Hearrenfean begjint de kompetysje yn de earedifyzje op freed 10 augustus mei de útwedstriid tsjin PEC Zwolle. Dat stiet yn it konseptprogramma fan de KNVB. De wike dêrnei folget de earste thúswedstriid. Op snein 19 augustus is Vitesse de tsjinstanner. SC Cambuur begjint de kompetysje yn de earste difyzje ek mei in útwedstriid. Op freed 17 augustus is NEC yn Nijmegen de tsjinstanner. Op freed 24 augustus spilet Cambuur yn it eigen stadion tsjin Jong AZ.