Algemeen Dagblad: Halbe Zijlstra yn beneaming foar hege posysje

De yn Easterwâlde berne VVD-politikus Halbe Zijlstra krijt mooglik in prestisjeuze baan by de Wereldbank. It Algemeen Dagblad skriuwt tiisdeitemoarn dat minister-presidint Mark Rutte him as bewâldfierder fan de bank wol. Op dit stuit is âld-steatssikretaris Frank Heemskerk de Nederlânske bewâldfierder.
Halbe Zijlstra © ANP
Halbe Zijlstra wie koarte tiid minister fan Bûtenlânske Saken yn it kabinet Rutte III. Hy moast earder dit jier ôftrede doe't bliken die dat er liigd hie oer syn oanwêzigens yn de datsja fan de Russyske presidint Poetin.
Neffens it Algemeen Dagblad binne der ek tsjinstanners fan de beneaming fan Zijlstra by de Wereldbank, it soe ûnder oare gean om CDA-minister Wopke Hoekstra.