Kollum: "Fuck it minderweardichheidskompleks!"

12 jun 2018 - 07:30

"Dat wie bêst wol in útspraak fan Tjeerd van Bekkum, direkteur fan KH 2018. 'Alle ynvestearringen ha wy allang weromfertsjinne.' Dêr wie in optein man oan it wurd dy't ek de needsaaklike oardel miljoen besikers fan Kulturele Haadstêd sûnder problemen delkommen seach. It selsbetrouwen en it selsbewustwêzen spatten fan de krantesiden as gleone drippen fet út in koekepanne.

Willem Schoorstra - Foto: Omrop Fryslân

DeToan fan Willem Schoorstra

Ik wie derby doe't yn septimber 2013 bekend makke waard dat Ljouwert him yn 2018 Kulturele Haadstêd neame mocht. Yn alle eufory ha ik noch eigenaardich yn 'e rûnte stien te hupsen mei Jannewietske de Vries, de geastlike mem fan it ûndernimmen. Los fan dat dûnske wie ik dêr omdat ik hâld fan ferbylding, fan fierder sjen as jins noas lang is, en omdat ik leaude yn de kânsen dy't it Fryslân biede soe op allerhanne mêd. Ik seach it ek as in mooglikheid om ôf te rekkenjen mei, sa't Jannewietske it neamde, 'it wrakseljen mei dat ivige minderweardichheidskompleks'. Koartsein, foar my wie dy útferkiezing in boppeslach.

Nei dy dei brutsen fjouwer drege jierren oan. It minderweardichheidskompleks begûn yn al syn folle gloarje op te spyljen. En as it al even delbêde wiene der wol oaren dy't it wer oanjagen. Lykas sjoernalist Koens dy't it yn syn Rede fan Fryslân hie oer in 'megalomaan project' en oer 'gebakken lucht'. Dat dy it oer 'lucht' hie fûn ik oars wol moai. Want bestiet alles earst net út lucht, út oars neat as in idee? Is alles earst net ûnstoflik foar't it stoflik wurdt? In stoel begjint mei in idee foar in stoel. In stik begjint mei in idee foar in stik. In fleantúch begjint mei in idee foar in fleantúch. Tsjek Leonardo da Vinci fandatoangeande. Alles is earst ûnstoflik en ûngrypber foar't it stoflik wurdt. En Kulturele Haadstêd is ûnderwilens hartstikke stoflik. Sels it ûnstoflik begryp 'mienskip' is sa stoflik as it mar wêze kin. Want de provinsje barst útinoar fan de aktiviteiten. Tûzenen minsken binne yn 't spier foar hûnderten eveneminten. Grutte en lytse projekten binne yn in sucht en in skeet útferkocht. It brûst yn doarpen en stêden.

Okkerdeis wie ik yn Ljouwert. MeM, de Livingroom of Languages, siet grôtfol besikers. De hiele Prinsetún siet grôtfol, meast jonge, minsken. Rûnom waard Dútsk en Ingelsk sprutsen. Ik seach kloften toeristen mei folders yn 'e hân troch de stêd strunen. Wer oaren yn in groep ûnder begelieding. Boaten fol toeristen troch de grêften. Besikers dy't, as se út 'e trein stapten, fuort mei de noas op 'e grûn rûnen fanwegen de Escher streetart dy't dêr op oanbrocht is. En dan omheech seagen nei Tsead Bruinja syn gedicht dat yn it dak fan it stasjon te lêzen falt.

Dan ha ik it noch net iens oer Claudy Jongstra har projekt dat ek jongeren mei in achterstân in takomst biedt, it prachtige Sense of Place en bygelyks Kening fan 'e Greide, dat ynset op biodiversiteit. Van Bekkum hat gelyk, oft de ynvestearrings no weromfertsjinne binne of net. Kulturele Haadstêd is al slagge. Artistyk én sosjaal. Der is selsbetrouwen en selsbewustwêzen. It besef dat wy mei ús allen ta de moaiste dingen by steat binne. Fuck it minderweardichheidskompleks!"

(advertinsje)
(advertinsje)