Omwenners ferlitte harksit lulk ûnder ferhaal deputearre Kielstra

12 jun 2018 - 00:10
Krityske ynsprekkers op de twadde ynspraakjûn oer wynpark Nij Hiddum-Houw - Foto: Omrop Fryslân

In tredde part fan de oanwêzigen is moandeitejûn op de twadde harksit oer wynpark Nij Hiddum-Houw lulk fuortrûn ûnder it ferhaal fan deputearre Klaas Kielstra. De deputearre wol dat Provinsjale Steaten ein dizze moanne gewoan in beslút nimme oer it wynpark fan 42 megawatt. De lulke ynsprekkers krigen it gefoel dat se foar neat ynsprutsen hiene. Guon fan harren rûnen mei triennen yn de eagen de seal út.

Deputearre Kielstra sei achterôf dat it it him wol 'rekke hie' dat safolle minsken fuortrûnen ûnder syn ferhaal. "It jout mar wer oan hoe emosjoneel dit ferhaal foar harren is." Mar de deputearre kin net oars foar syn gefoel; hy jout útfiering oan earder makke ôfspraken. "Boppedat hawwe we de megawatts fan Nij Hiddum-Houw nedich om te foldwaan oan de ôfspraken mei it Ryk. As Nij Hiddum-Houw net trochgiet, moat der op in oar plak in oar wynpark komme. Of it Ryk leit ús plannen op, dat kin ek."

De argewaasje by de oanwêzigen rûn stadichoan op ûnder it ferhaal fan Kielstra. De deputearre oardiele posityf oer it wurk fan de omjouwingsadvysried foar Nij Hiddum-Houw, wylst in soad fan de oanwêzigen krekt hiel kritysk binne oer it wurk fan dizze OAR, dêr't se har net troch fertsjintwurdige fiele.

By it ferhaal fan de deputearre dat der gjin oanlieding is om te tinken dat in wynpark sûnensrisiko's mei him meibringt, wie by guon oanwêzigen it geduld oer. Sy hiene krekt wiidweidich ynsprutsen oer sûnensrisiko's en fielden har net serieus nommen troch de deputearre. Kielstra berôp him by syn ferhaal op stúdzjes fan de RIVM en útspraken fan de Ried fan Steat, wylst de krityske ynsprekkers har beroppe op stúdzjes út Denemarken. "Wy hawwe hjir te meitsjen mei Nederlânske wetjouwing. Ik gean ôf op de Ried fan Steat en de RIVM." Under begelieding fan in pear befeiligers koe Kielstra probleemleas it provinsjehûs ferlitte. De diskusje ûnder ynsprekkers en steateleden gie doe noch even troch op de stoepe fan it provinsjehûs.

In part fan de minsken rûn der lulk út......

(advertinsje)