Deputearre Kielstra wol wynpark Nij Hiddum-Houw net útstelle

Deputearre Steaten fiele neat foar it útstellen fan it beslút oer wynpark Nij Hiddum-Houw. Deputearre Klaas Kielstra sei dat moandei op de twadde ynspraakjûn oer it wynpark fan 42 megawatt by de kop fan de Ofslútdyk.
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Mei-inoar hawwe op twa jûnen 48 ynsprekkers har útsprutsen tsjin it plan foar njoggen wynmûnen fan 200 meter heech. Allinnich de inisjatyfnimmers fan it park binne foar it plan. In beslút oer it plan útstelle betsjut mooglik dat de inisjatyfnimmers subsydzje foar it park misrinne. Utstel sil nei alle gedachten gjin nije ynformaasje opsmite oer it plan, dêr't al seis jier oer praat wurdt.

Domwei nedich

Kielstra is ek kritysk oer de mooglikheid dat it plan skrast wurdt troch Provinsjale Steaten. Hy hâldt der rekken mei dat yn dat gefal it Ryk de rezjy oer it realisearjen fan wynenerzjy yn Fryslân oernimt. "Wy hawwe de megawatts fan Nij Hiddum-Houw domwei nedich", sei Kielstra.
De deputearre sei ek dat neffens him de omjouwingsadvysried OAR fan Nij Hiddum-Houw goed funksjonearre hat. In soad ynsprekkers yn de seal wiene dat net mei him iens en lieten dat ek dúdlik blike. As gefolch fan it wynmûnepark binne neffens Kielstra gjin sûnensrisiko's te ferwachtsjen. Kielstra beropt him dêrby op eardere útspraken fan de Ried van Steat. Ferskate ynsprekkers út de streek sjogge dêr oars tsjinoan. Sy hâlde rekken mei sûnensproblemen as gefolch fan Nij Hiddum-Houw.