Frjentsjer, Bitgum en Weidum troch foarrondes IFK Jeu de Pelote

11 jun 2018 - 22:23

De partoeren fan Frjentsjer, Bitgum en Weidum binne de earste trije dy't de foarrondes op it Iepen Frysk Kampioenskip Jeu de Pelote oerlibbe ha. De 20e edysje fan dat toernoai sette moandeitejûn útein op It Plein yn Easterlittens.

Frjentsjer rekkene mei 8-4 ôf mei Mantgum, Bitgum wie mei 8-3 te sterk foar It Hearrenfean en Weidum fersloech Reduzum mei 8-2. Guon opslaggers hienen moandei in langere oanrin nedich. Sy koenen dan út de tún wei troch in iepening mei grien gaas rinne.

De foarrondes duorje noch oant en mei tongersdei. De tolve winners fan de foarrondes pleatse harren foar de earste omloop, dy't freed úteinset. Yn dy faze fan it toernoai streame ek de bêste fjouwer partoeren fan ferline jier yn. Dat binne Ljouwert, Winsum, Easterein en titelferdigener Easterlittens.

Tiisdei binne de folgjende trije foarrondepartijen: Menaam-Wommels, Boalsert-Lollum/Waaksens en Stiens-Hartwert.

Jeu de Pelote is in fariant fan it keatsen dy't ferskilt mei it tradisjonele Fryske spul: sa besteane de partoeren út fiif spilers en is it fjild in stik smeller.

(advertinsje)