Man út De Blesse frijsprutsen fan heling stellen karavan

11 jun 2018 - 22:02

De rjochter hat in ynwenner (46) fan De Blesse frijsprutsen fan it helen fan in stellen karavan. De man dy't de karavan oan de fertochte ferkocht hie, waard ek frijsprutsen.

De man út De Blesse hie de karavan kocht as tydlik ûnderkommen, wylst er in nij hûs boude. De man hie 'm sûnder kenteken en papieren oanskaft, omdat er der dochs net mei de dyk op gean soe. De man út Vollenhove dy't de karavan yn de ferkeap hie, hie der gjin papieren by, mar hie kontrolearre oft alles dermei yn oarder wie. By de RWD hie er te hearren krigen dat it oanfreegjen fan nije papieren in soad tiid kostje soe. Dêrom hie er der mar fan ôfsjoen. Der karavan wie sa oan de priis, dat de man der neat achter socht. De plysje kaam úteinlik achter it bestean fan de karavan. It die bliken dat er yn 2012 yn Dútslân stellen wie.

By strafbere heling moat in fertochte útsykje dat wat er oanskaft net stellen wêze kin. Neffens de rjochter ha beide fertochten dien wat se koene om út te finen oft de karavan koosjer wie. Dêrom binne se frijsprutsen. De man út De Blesse krijt boppedat de karavan werom.

Trefwurden: 
rjochtbank De Blesse karavan
(advertinsje)