Nuon: Utstel beslút Nij Hiddum-Houw hat gjin doel

11 jun 2018 - 21:45

It mooglik útstellen fan in beslút oer wynpark Nij Hiddum-Houw by de kop op de Ofslútdyk hat gjin inkeld doel. Dat seit Henk Kouwenhoven fan enerzjybedriuw Nuon, ien fan de inisjatyfnimmers fan it projekt. In pear moannen útstel sil neffens him gjin ynformaasje opsmite dy't no noch net bekend is.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Reaksje fan Henk Kouwenhoven

Kouwenhoven rekkenet der op dat Provinsjale Steaten noch dizze moanne in definityf beslút nimme oer wynpark Nij Hiddum-Houw. In twadde ynsprekjûn op it provinsjehûs luts moandei op 'e nij tsientallen belangstellenden út foaral de gemeente Súdwest-Fryslân.

Yn Provinsjale Steaten geane by guon partijen stimmen op om in beslút oer Nij Hiddum-Houw út te stellen. De inisjatyfnimmers fan it wynpark - njonken de Nuon binne dat ek inkelde boeren - sjogge dêr neat yn, benammen omdat der al seis jier oer it wynpark praat wurdt. De inisjatyfnimmers woene moandei neat sizze oer in mooglike skeaclaim by in negatyf beslút fan Provinsjale Steaten. "We rekenen op een verstandig besluit van Provinciale Staten", seit Kouwenhoven. "Het moet een windmolenpark worden waar we trots op kunnen zijn."

As it oan de omwenners fan Nij Hiddum-Houw leit, komt der gjin nij wynmûnepark mei mûnen fan 200 meter heech. Sy ferwachtsje dat se dêr in soad lêst fan krije sille en fine it ek net passen yn it iepen lânskip. De ynsprekkers lieten ek de kreativiteit sprekke. Der wiene ferskate bydragen yn dichtfoarm en der wie ek in sjongend protest tsjin Nij Hiddum-Houw te hearren.

(advertinsje)
(advertinsje)