Spitse spilet 150ste ynterlân yn Fryslân: "Speciaal moment"

Sherida Spitse spilet tiisdei in wol hiel spesjale ynterlân mei de Nederlânske fuotbalfroulju. It wurdt har 150ste ynterlân by de Oranjefroulju. De wedstriid wurdt ek noch ris spile yn Fryslân, nammentlik yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean. Dat is it plak dêr't Nederlân de kwalifikaasjewedstriid tsjin Slowakije spilet.
Sherida Spitse traint yn it Abe Lenstra Stadion © Omrop Fryslân
Heel bijzonder dat het in Heerenveen is.
Sherida Spitse oer har 150ste ynterlân

Snits rint út

Dat de wedstriid ek noch ris yn 'har' Fryslân spile wurdt, is foar Spitse hielendal moai: "Dat is heel leuk en een speciaal moment. Het is bijzonder dat het in Heerenveen is. Ik kijk ernaar uit." Der komme in soad famylje en freonen út Snits nei de wedstriid ta. Spitse wit al wêr't se hinne moat, foar it gefal dat se in doelpunt makket. "Ze zitten in vak 2. En in vak 11 zitten ook nog een paar uit Sneek", glimket Spitse. Sûnt jannewaris spilet de middenfjilder wer yn it bûtenlân. Foar de twadde kear hat se de oerstap makke nei Noarwegen, dêr't it nivo fan de kompetysje heger leit as yn Nederlân. It befalt har en har famylje - freondinne Jolien en soantsje Jens - goed: "Ik heb het erg naar mijn zin. We hebben het top voor mekaar."
Sherida Spitse

Wichtige spylster

Spitse is foar bûnscoach Sarina Wiegman altyd ien fan de earste nammen dy't se ynfollet op it opstellingformulier. "Ze is een heel ervaren speler, de regelaar van het team. In het veld is ze een echte leider. Ze heeft een belangrijke rol." Wiegman spile sels 104 ynterlâns foar it Nederlânsk team. Dêr sit Spitse dus al in hiel stik boppe. Wiegman is grutsk op it jubileum, dat Spitse tiisdeitejûn fiert. "Het is een geweldig aantal. Voor haar is het zo mooi dat het hier mag in haar eigen omgeving. Supermooi!"
Het is een geweldig aantal. Supermooi!
Bûnscoach Sarina Wiegman oer it jubileum fan Spitse
Bûnscoach Sarina Wiegman
Pleatsing foar WK
Nederlân hat tsjin Slowakije in goed resultaat nedich om pleatsing foar it WK fuotbal yn 2019 yn eigen hân te hâlden. Op it stuit stiet Oranje boppe-oan yn de pûl mei sechtjin punten út seis wedstriden. De grutste konkurrint is Noarwegen, dat twadde stiet mei tolve punten út fiif wedstriden. Nei de simmer spilet Nederlân noch tsjin Noarwegen, mar earst dus thús tsjin Slowakije. Dat mei gjin al te grutte opjefte wurde foar Nederlân; de Slowaken steane lêste yn de groep mei nul punten.

Foppe de Haan

De Nederlânske fuotbalfroulju trainden moandei yn it Abe Lenstra Stadion. Se waarden ferrast troch Foppe de Haan, dy't oan it begjin fan de training it fjild opkaam. Alle froulju krigen in dikke krûp of in pear tuten fan De Haan, dy't in jier lang assistint-trainer wie fan de Oranjefroulju. Mei harren waard De Haan Europeesk kampioen yn de simmer fan 2017. Bûnscoach Wiegman hat regelmjittich kontakt mei De Haan: "We doen af en toe een bakje koffie om te bespreken hoe het ervoor staat. Hij houdt het wel bij hoor."
Foppe by de oranjefroulju
It is in moaie kâns om it Abe Lenstra Stadion fol te krijen.
Erik Kofman fan SC Hearrenfean

SC Hearrenfean

By ditsoarte kwalifikaasjewedstriden binne der strange easken dêr't de organisearjende klup him oan hâlde moat. Dat jildt ek foar SC Hearrenfean. Alle sponsoruteringen yn it Abe Lenstra Stadion binne ôfplakt troch oranje doeken mei dêrop de sponsoaren fan fuotbalbûn KNVB. Ek binne der romten yn it stadion oars ynrjochte. Sa moat der bygelyks in hokje wêze foar de dopingkontrôle.
It smyt Hearrenfean finansjeel ek noch wat op, sa fertelt Erik Kofman fan de klup. "De KNVB hiert it stadion fan ús. En we dogge de kaartferkeap fan de businessromten yn it stadion." Fan febrewaris ôf is Hearrenfean al dwaande mei de tariedingen foar de wedstriid tusken Nederlân en Slowakije. "Dan begjint it baltsje te roljen. Der moat in hiel soad gebeure. Mar it is in moaie kâns om it stadion fol te krijen", seit Kofman.
Erik Kofman fan SC Hearrenfean