VVD: "Utstel fan wynpark Nij Hiddum-Houw sil liede ta skeaclaims fan de inisjatyfnimmers"

11 jun 2018 - 19:56

As de provinsje beslute soe de bou fan de njoggen mega-wynmûnen by Nij Hiddum-Houw út te stellen, dan soe dat liede ta skeaclaims fan de inisjatyfnimmers. Dat sei foarsitter Avine Fokkens fan de VVD-steatefraksje moandei yn It Polytburo.

As de turbines der yn 2020 neffens ôfspraak net steane, sil it Ryk yngripe en de foardielen foar de streek skrasse, sa ferwachtet Fokkens. Se begrypt de soarch fan de omwenners wol, mar seit tagelyk dat sûnensklachten troch de mûnen eins noch noait oantoand binne.

Mei de opstelling fan de VVD is der wol in skuor kaam yn it kolleezje fan Deputearre Steaten. Kolleezjepartij SP pleitet wol foar in útstel fan trije moanne, oant dúdlik is wat de risiko's foar de sûnens krekt binne. Moandeitejûn is de twadde ynformaasjegearkomste oer it ûnderwerp.

(advertinsje)