Maarten van der Weijden swimt fan Amsterdam nei Ljouwert

11 jun 2018 - 19:51

Maarten van der Weijden is begûn mei syn swimtraining om himsels ta te rieden op de swimalvestêdetocht. Yn trije dagen sil er 143 kilometer swimme fan Amsterdam nei Ljouwert. Fan 18 oant en mei 20 augustus swimt Van der Weijden as earste de Alvestêdetocht om jild yn te sammeljen foar kankerûndersyk.

Maarten van der Weijden is fan start gien yn Amsterdam - Foto: ANP

Moandei om 16.00 is er yn Amsterdam it wetter yn sprongen. Nei de oerstek fan de Iselmar komt er op tiisdei 12 oere oan yn Starum by it 'klúnplak'. Dêr sil er net út it wetter komme, mar yn in soarte fan dolfinenet swimme en mei in hyskraan yn it binnenwetter takele wurde. De ferwachting is dat Van der Weijden woansdeitemoarn om 7 oere hinne oankomt yn de Prinsetún yn Ljouwert.

Maarten vd Weijden prate mei Tiete Sijens foardat er it wetter yn sprong

(advertinsje)
(advertinsje)