Wa, wat, wêr: It IFK Jeu de Pelote

It keatsen heart by Fryslân krekt as it pompeblêd en de dúmkes. Mei keatswedstriden lykas de PC, de Freule en de bûnspartij is it in tradisjonele sport dy't ek no noch troch in protte minsken besjoen en belibbe wurdt. Yn Easterlittens wurdt lykwols ek in grutte partij spile, allinnich giet it hjir net om it ferneamde Fryske keatsspul, mar om Jeu de Pelote. In wat minder bekend famyljelid fan it keatsen. Mar wat is dit no krekt, yn hoefier is oars as it keatsen, wa spilet it, en wêr komt it wei? Wy sochten it foar dy út!
© Jaap Bonhof
Sa't de namme al in bytsje fuortjout komt it Jeu de Pelote fan oarsprong net út Fryslân. It is in fariant fan it keatsen dy't gewoanwei it measte spile wurdt yn België en Noard-Frankryk. It wurdt spile op in smel fjild, of op in stik asfalt of in gewoane strjitte. Yn Easterlittens wurde de wedstriden fan it Iepen Frysk Kampioenskip spile op it doarpsplein foar de kroech, yn it sintrum fan it doarp.

Oars as gewoan

It jeu de pelote wurdt spile mei fiif spilers en net mei trije, sa't wy fan it Frykse spul wend binne. De spiler dy't opslaan mei, brûkt hjirby mar ien hân. De saneamde 'opgoai' by it keatsen.
As de bal by de opslach oer it perk slein wurdt, smyt dat in direkt punt op (in oerlevering). Krekt oars as by it Fryske spul. As de bal yn fjild lizzen bliuwt of nei in stuit oer de sydline giet, dan komt der in keats.
De puntetelling is itselde as by it tennis: 15-30-40-earst. By it jeu de pelote wint normaalwei it partoer dat as earste 15 spul hat. Op it IFK giet it der yn de earste omgongen om wa't 8 spullen hat. Yn de finale wint it partoer dat as earste 10 spullen hat.
Om't it fjild sa smel is, wurdt in soad frege fan de slachtechnyk fan de perkspilers. De boppeline is breder as de foarline: 19 meter om 7 meter. It perk, dat by jeu de pelote 'lyts spul' hjit, is 42 meter lang. As ferliking: by it Frysk spul is it perk 19 meter.
De bal is fan keunststof en waacht 45 gram. By it Frysk spul brûke se in mei hier folde learen bal fan likernôch 24 gram.

It IFK 2018

Op it Iepen Frysk Kampioenskip 2018 dogge 28 teams mei. 24 dêrfan spylje op moandei oant en mei tongersdei yn de foarrondes.
Freed begjint dan de earste omloop mei de tolve winners fan de foarrondes en de fjouwer bêste teams fan ferline jier (Ljouwert, Easterlittens, Winsum en Easterein). De twadde omloop is op 19 en 20 juny, in dei letter binne de heale finales. De finale is op freed 22 juny.
Alle wedstriden binne op it doarpsplein yn Easterlittens.