Winsumer manlju swimme Alvestêdetocht mei mei Maarten van der Weijden

11 jun 2018 - 18:05

Olympysk kampioen Maarten van der Weijden swimt fan 18 augustus oant 20 augustus by de alve stêden del, in tocht fan goed 200 kilometer. Hy swimt de tocht net allinnich, want mei him dogge der noch in hiel soad oare dielnimmers mei, lykas trije manlju út Winsum.

Sa sille Berthil Gruppen, Geert Dijkstra en Johannes Boersma út Winsum ek it wetter yn. "Wy hawwe in kear in grutte mûle hân troch te sizzen dat wy fan Easterlittens nei Winsum swimme kinne, dat is goed 2,5 kilometer, en dat slagge. Wy woene der graach mear mei dwaan. Doe kaam it nijs fan de Alvestêdeswimtocht, dêr't je meiswimme kinne foar it goede doel."

Om jild yn te sammeljen foar it goede doel, ûndersyk nei kanker, hawwe de Winsumers it hiele doarp mei. "Guon minsken sjogge ús swimmen yn de feart, en donearje spontaan", seit Johannes Boersma. Ek de ferieningen, it doarpshûs en de lokale supermerk stypje ús. Sels hawwe wy wyn ferkocht, op in merke, guod ferkocht dat guon út it doarp sels makke ha. Sels de bern fan de legere skoalle hawwe meiholpen om jild yn te sammeljen."

Yn in wetter sjochst hast neat, it wetter is troebel en lang net sa helder as yn it swimbad.

Johannes Boersma

De trije hearen binne fan doel om yn alle alve stêden twa kilometer mei te swimmen. Op de earste dei seis kear, de twadde dei trije kear en sy slute de tocht ôf yn Dokkum en Ljouwert. Yntusken hawwe se alle trije in spesjaal pak en bril oanskaft. Ek in badmûtse moat derfoar soargje waarm te bliuwen yn it wetter. "Sa kinne wy earder yn it jier bûten traine, dat fine wy moaier as yn it bad."

De trije manlju mei Maarten van der Weijden - Foto: 11-stedenzwemmers Winsum

Maarten van der Weijden fertelt hoe't er him tariedt

Swimme yn iepen wetter is wol wat oars as yn it swimbad. Johannes Boersma fertelt út eigen ûnderfining wat je as dielnimmer ferwachtsje kinne.

Wat makket it swimmen yn iepen wetter oars as yn it swimbad?

"Yn in wetter sjochst hast neat, it wetter is troebel en lang net sa helder as yn it swimbad. Boppedat stiet der in streaming yn it wetter, as de slûs by Harns iepenstiet fernimme wy dat drekst, dan geane wy earst in ein yn 'e streaming op. Fan de wyn hawwe wy net safolle lêst, ek rein makket neat, wiet binne we dochs al."

Fan 't winter hawwe de manlju oefene yn it swimbad en benammen fokusse op de de technyk. No mei it waarmere waar kin der gewoan yn it iepen wetter oefene wurde.

Hoe sjogge de boaten dy?

"Wy swimme mei ús trijen en hâlde it goed yn 'e gaten, Wy sjogge de boaten better as sy ús. Meastentiids sykje wy goed yn it foar kontakt mei de skipper om in oanfarring foar te kommen."

Hokker útris hast nedich?

"Om swimme te kinnen hawwe alle trije in spesjaal pak oanskaft. Dat hâldt ús goed waarm. Wy swimme ek mei in badmûtse op 'e holle. Dat soarget derfoar dat ús holle waarm bliuwt. Sa rekkest minder gau ûnderkuolle. Ek hawwe wy in dûkbril op, dat is folle nofliker oan 'e eagen."

Hoe soargest derfoar datst gjin wetter ynslokst?

"Op in clinic hawwe wy techniken leard om goed en rap swimme te kinnen, it sykheljen is it meast wichtich. Wy swimme in soad ûnderwetter mei de boarstcrawl. Mei de skoalslach moatte wy ûnder- en boppe wetter. Ien fan ús hat wolris in bêste slok binnen krigen, dêr hat er al efkes goed siik fan west."

Hoe moatst omgean asto kramp krigest yn 'e spieren?

"Yn it begjin hie ik der wolris lêst fan, dan skeat dat sa yn it kût. Troch it pak bliuwst in bytsje driuwen, dan draai ik my op 'e rêch om de kramp derút te strekken. Jo kinne net stean yn 'e Frjentsjerter Feart. Rêstich bliuwe yn sa'n situaasje is hiel wichtich."

Maarten van der Weijden is Olympysk kampioen en wrâldkampioen swimmen yn it iepen wetter, en indoor hat er ferskate nasjonale titels behelle. Fan 18 augustus oant 20 augustus swimt hy de alve stêden del, om jild op te heljen foar kankerûndersyk. Moandei is er úteinset mei in training: hy swimt mear as 140 kilometer fan Amsterdam nei Ljouwert.

Trefwurden: 
Winsum swimme Alvestêden
(advertinsje)
(advertinsje)