Lytse wjirmkes kinne de Stellingwerven net befrije fan de ikeprosesjerûp

11 jun 2018 - 18:00

Nei twa ynspeksjewiken sjocht it der nei út dat der yn de Stellingwerven mear ikeprosesjerûpen binne as foarich jier. En dat wylst der foarich jier ek al bot mear rûpen fûn binne as yn it jier dêrfoar.

Linten warskôgje foar de ikeprosesjerûp op it fytspaad tusken Boyl en Elslo - Foto: Lourens Looijenga

De gemeente Weststellingwerf hat no al 515 beammen markeard dêr't de rûpen yn sitte. Dat is fergelykber mei it totale oantal fan foarich jier, mar no binne noch lang net alle beammen ûndersocht. Yn Eaststellingwerf liket it der ek op dat der mear ikeprosesjerûpen binne as foarich jier. Dat meldt in wurdfierder fan de gemeente.

Mikroskopysk lytse wjirmkes

Meiwurkers fan de gemeente Weststellingwerf bestride de rûpen previntyf mei mikroskopysk lytse wjirmkes. De saneamde nematoaden binne de natuerlike fijân fan de ikeprosesjerûp. Se kinne allinne net tsjin UV-ljocht, en dêrom wurde de beammen jûns en nachts besproeid.

De saneamde brânhierkes fan de ikeprosesjerûp kinne soargje foar hûdyrritaasjes en slimme jokte, dy't wol twa wiken oanhâlde kin. In rûp hat 700.000 fan dy hierkes. Troch de waarmte fan de ôfrûne wiken hat de rûp him flugger ûntwikkele as yn oare jierren, en dêrtroch groeit de kâns op oerlêst. Dat meldt it kennissintrum fan de universiteit yn Wageningen.

(advertinsje)
(advertinsje)