Soad drokte by MCL-knuffelpoly

11 jun 2018 - 17:53

Sa'n tûzen skoalbern litte harren knuffel dizze dagen ûndersykje yn de saneamde 'Knuffelpoly' yn it MCL yn Ljouwert. Dokters yn oplieding dogge dat ûndersyk en besykje fuort ek it probleem op te lossen mei prikjes en pleisters. Doel is dat jonge skoalbern sa boartsjenderwize mei it sikehûs yn 'e kunde komme. Oant en mei woansdei binne dêr sa'n hûndert ko-assistinten by de knuffelpoly belutsen.

Het is best spannend om met Nijntje-Konijntje naar de dokter te gaan.

Jenicha (6) fan de Ljouwerter Skoalferiening
Jenicha (6) yn de knuffelpoly - Foto: Omrop Fryslân

Ferslachjouwer René Koster wie by de knuffelpoly (1)

De 6-jierrige Jenicha út groep trije fan de Ljouwerter Skoalferiening hie har knuffel Nijntje-Konijntje mei. Der siet in triedsje los fan de hûd en se tocht dat de knuffel him ek sear dien hie. Dy wie nammentlik út bêd fallen en him op in skerpe punt stompt. Tegearre mei de dokter hat se it knyntsje in prikje jûn, wêrnei't de knuffel wer gau opknapte.

Ferslachjouwer René Koster wie by de knuffelpoly (2)

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
MCL knuffelpoly
(advertinsje)