FIDEO: Sportoersjoch mei de kuorbaltalinten fan Havic en fuotbalfroulju op It Hearrenfean

11 jun 2018 - 17:45

Alle moandeis skoot sportferslachjouwer Roelof de Vries oan yn Fryslân Hjoed. Diskear hat er it oer Sjinkie Knegt, de shorttracker dy't no meidocht oan it NK autocross. Sneon wie er yn Noardburgum. En de Fryske kuorbaltalinten fan Havic, út Kollum en De Harkema, besykje om foar de sechsde kear lânskampioen te wurden. By it fierljeppen wie der in einliks in hichtepuntsje: Nard Brandsma sprong in seizoensrekôr. Fierder noch even Sherida Spitse, de fuotbalster fan de Oranjeliuwinnen. Sy spilet tiisdei yn it Abe Lenstra Stadion mei Oranje tsjin Slowakije

(advertinsje)