FIDEO: Tsjummearum siket frijwilligers om krânsen te meitsjen

11 jun 2018 - 17:38

Yn Tsjummearum makket Marijke Wassenaar krânsen fan weet foar de priiswinners fan de keatspartijen dêr. Mar der binne hieltyd minder frijwilligers om har te helpen. En dus docht de keatsferiening VVV Tsjummearum in oprop foar minsken om it wurk fan Marijke wat lichter te meitsjen. Elk jier binne der sa'n 50 oant 70 krânsen nedich.

De krânsen fan frou Wassenaar binne unyk. Allinnich yn Tsjummearum wurde se fan weet makke. Marijke hat it idee foar dizze krânsen sels betocht.

(advertinsje)