"Der moatte mear sosjale hierwenningen boud wurde yn Ljouwert"

11 jun 2018 - 17:00

De Ljouwerter PvdA-fraksje makket him hurd foar sosjale hierwenningen yn de nije wyk Middelsee. Neffens riedslid Hein de Haan moatte wenwiken bestean út in ferskaat oanbod fan keap- en hierwenningen, omdat dat better is foar de leefberens.

Plannen foar de wyk Middelsee ûnder it Van Harinxmakanaal yn Ljouwert - Foto: Gemeente Ljouwert

Trochdat minsken, as se âlder wurde, hieltyd langer thús wenjen bliuwe, komt it hieltyd faker foar dat se help of begelieding nedich ha, seit De Haan, en in wyk dêr't minsken wenje mei ferskate achtergrûnen fangt dat better op as in wyk dy't iensidich gearstald is.

De PvdA wol minsken dy't op sosjale hierwenningen oanwiisd binne, graach de kâns jaan om yn in nijbouwyk te wenjen. En de opset fan de nije wyk Middelsee, dêr't de hûzen ticht by mekoar steane, soe him dêr poerbêst foar liene, seit de partij.

Woansdei beslút de gemeenteried fan Ljouwert oer it plan Middelsee. De PvdA sil der mei ynstimme, seit De Haan. "Stedeboukundich sjoen is it in poerbêst plan. Allinne de sosjale hier mist deryn."

De nije wyk Middelsee leit súdlik fan it Van Harinxmakanaal, tusken de Oeriselseleane en it spoar tusken Ljouwert en Zwolle. Neffens de planning wurdt der takom jier begûn mei it klearmeitsjen fan de grûn. Yn 2020 moat de bou begjinne. De wyk Middelsee wurdt net op it ierdgasnet oansletten. De wenningen binne enerzjysunich.

Trefwurden: 
Ljouwert Middelsee nijbou PvdA
(advertinsje)