Mark Diemers spilet takom seizoen foar Fortuna Sittard

11 jun 2018 - 16:58

Mark Diemers giet nei Fortuna Sittard ta. De âld-spiler fan Cambuur komt oer fan De Graafschap en tekenet in kontrakt fan trije jier by de promovendus út Sittard.

Mark Diemers by De Graafschap mei trainer Henk de Jong - Foto: www.orange-pictures.nl

De 24-jierrige Ljouwerter, dy't begûn mei fuotbaljen by LAC Frisia 1883, waard yn 2013 kampioen mei Cambuur yn de earste difyzje. Dêrnei gie er nei FC Utrecht en de ôfrûne oardel jier spile Diemers foar De Graafschap. By de klup fan trainers Henk de Jong en Sandor van der Heide groeide hy út ta in wichtige krêft op it middenfjild. Yn maaie promovearre De Graafschap fia de play-offs nei de earedifyzje.

No makket Diemers dus de oerstap nei in oare nijbakken earedifyzjonist. "Met de ideeën die de club heeft, denk ik dat wij komend seizoen niet slechts een rol in de marge zullen spelen. Integendeel. Ik krijg van iedereen binnen de club het volste vertrouwen en dat is van wezenlijk belang voor me", seit Diemers op de webside fan Fortuna.

(advertinsje)