Hotel Lauswolt komt wer yn Fryske hannen

11 jun 2018 - 16:56

It Bilderberghotel Lauswolt yn Beetstersweach komt yn hannen fan de Stichting FB Oranjewoud. Bilderberg is dwaande mei wat it bedriuw neamt it optimalisearjen fan de hotelportefúlje. Bilderberg rjochtet him tenei mear op syn posysje yn de stêden en it ynvestearjen yn spesjale typen hotels. Lauswolt past dêr net yn.

Foto: www.bilderberg.nl

FB Oranjewoud is in stichting dy't him ynset foar heechweardige wurkgelegenheid yn it Noarden, ûnder oare troch in belang te nimmen yn projekten en bedriuwen. De stifting is ûntstien nei it opheffen fan De Friesland Bank. It fermogen fan sa'n 200 miljoen euro is doe skonken oan de Fryske mienskip. FB Oranjewoud hat it behear oer dat jild.

Marc van Gulick bliuwt oan als direkteur fan Lauswolt. Hy is bliid mei de oername: "Ik ben er trots op dat we met een team van bijna honderd mensen voor Lauswolt mogen werken en met heel veel passie, bezieling en beleving - ook in de toekomst - iedere dag opnieuw onze gasten verwennen. De cirkel is ook rond: 64 jaar geleden is Landgoed Lauswolt als Fries hotel begonnen, en nu komen we weer in Friese handen. Dat voelt heel goed."

Direkteur Marc van Gulick fan Lauswolt

Der sil wol wat feroarje foar it bestjoer: "We komen vanuit een grotere organisatie. We moeten nu alles zelf gaan regelen. Wij zijn volop bezig om daar de voorbereidingen voor te treffen. Verder gaan we flink investeren, qua schilderswerk bijvoorbeeld en de kamers hebben ook weer een upgrade nodig. Kortom: er zijn nog heel veel projecten die lopen."

De meiwurkers fan it hotel kinne allegear bliuwe, sa fersekeret Van Gulick. "Sterker nog: als we het goed doen, komen er alleen maar meer mensen bij."

(advertinsje)
(advertinsje)