Net fitte topfavoryt Negerman makket him op foar Mar-athon

Ald-Boalserter Erik Negerman is sneon 23 juny ien fan de grutte favoriten oan de start fan de Mar-athon, de maraton om de Snitser Mar hinne. Negerman wûn yn 2012 en 2016 de Slachtemaraton en skreau ek tal fan heale maratons yn de provinsje op syn namme. It rûntsje om de Snitser Mar liet hy fanwege it Heamielfeest yn Boalsert oant no ta altyd sjitte.
Negerman rint de Mar-athon
De tarieding op de Mar-athon is foar Negerman oant no ta in paad mei hobbels. Hy wit sûnt in jier dat hy lêst hat fan in allergy foar bepaalde soarten iten. Foar him betsjut it dat hy somtiden net yn de 'heechste fersnelling' rinne kin. "In plaats fan 18,5 loop ik dan mar 17. En dat kin dan krekt it ferskil weze tussen winst en ferlies", sa seit de âld-Boalserter.
Negerman is drok yn training foar de Mar-athon © Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

Foar de winst

Ek al is Negerman no net yn foarm: de motivaasje is der wol. "Ik gaan foor de winst. Mar su as froeger, doe't se my alleen by de start sagen, dat sil it nou wel niet wurde. Ik dink dat it spannender wurdt. Ik hew noch twee weken!" Njonken Erik Negerman bin Riekele Kobus fan Ljouwert en Willem de Boer fan Eksmoarre konkurrinten foar de winst op de Mar-athon. Willem de Boer wûn ferline jier de heale maraton.