Gemeente wol alle Harnzers oan it reanimearjen ha

11 jun 2018 - 15:27

De gemeente Harns biedt ynwenners in fergeze reanimaasjekursus oan. Op dy manier moat it oantal reanimaasjeboargerhelpferlieners omheech brocht wurde. Dy minsken wurde oproppen as by har yn de buert ien reanimearre wurde moat. Fia in app of sms wurde se nei it slachtoffer stjoerd. Se kinne sa ynspringe oant de profesjonele helpferlieners der binne.

Ferline jier binne yn Harns wurkgroepen begûn dy't boargerhelpferlieners opliede. Mar noch net yn alle wiken yn de gemeente binne genôch minsken dy't dy earste help jaan kinne. Wethâlder Hein Kuiken fan Harns hat himsels yn elts gefal opjûn foar de kursus: "Alle dagen ferstjerre 35 minsken yn Nederlân oan de gefolgen fan in hertstilstân. By 75% fan de gefallen is der ien yn de buert, mar lang net elk wit wat er dwaan moat. Ik fyn it belangryk om it ferskil meitsje te kinnen, want de kâns op oerlibjen nei in hertstilstân wurdt eltse minút tsien persint lytser."

De reanimaasjekursussen wurde jûn yn gearwurking mei KNV EHBO Harns, Lips Educatie en Stichting Fryslân Hartveilig. As ien de kursus dien hat, wurdt ferwachte dat dy him oanmeldt as reanimaasjeboargerhelpferliener by it opropsysteem fan HartslagNu. Dêrmei kinne se yn gefal fan need ynskeakele wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)