Leararetekoart eksakte fakken liedt ta problemen

11 jun 2018 - 15:12

Der driget in tekoart oan leararen foar de eksakte fakken yn it fuortset ûnderwiis. Dy trend is al in skoft oan de gong, mar begjint no ta problemen te lieden, benammen yn de Rânestêd. As der neat dien wurdt, dan liedt de situaasje ta in grut tekoart oan leararen fan eksakte fakken foar de klassen. Dat leit, neffens Wiebe Wieling, skoalbestjoerder fan OSG Piter Jelles, oan de ekonomyske ûntwikkelingen en is al in skoft oan de gong.

Praktikumoefening by skiekundeles - Foto: ANP

Ofstudearre gemisy, fysisy of wiskundigen kinne op in soad oare plakken goed wurk fine. It ûnderwiis is foar harren net in automatyske kar nei de universiteit. De kommende tsien jier sil it tekoart fierder oprinne, om't yn dizze fergrize beropsgroep in soad leararen ophâlde sille.

Der moat op kreative wize wat oan dien wurde, fynt Wieling. Sa liede se sels betûfte minsken sûnder diploma op. Mar der binne mear oplossingen nedich, oars is it ûnderwiis yn de breedste sin de dupe.

(advertinsje)
(advertinsje)