Smakket de molke fan ferskillende kij ek oars?

11 jun 2018 - 14:21

Sit der smaakferskil yn de molke fan kij? Dat soene je wol tinke, no't it bedriuw TOP bv út Wageningen in systeem ûntwikkelet om it feehâlders mooglik te meitsjen molke fan kij apart te pasteurisearjen en te ferkeapjen. Sa kinne konsuminten ynkoarten molke keapje fan harren eigen favorite ko. In flesse molke fan Afke 23, dus njonken ien fan Baukje 14 mei beide in hiele oare smaak.

Om no te sizzen, de molke fan dizze ko is lekkerder as fan de oar? Nee, dat wit ik net.

Johannes Kooistra, biologysk feehâlder

Johannes Kooistra, biologysk feehâlder fan Warstiens, leaut sels ek wol dat der smaakferskil yn molke sit. "Ik tink wol dat as kij bûten stean simmerdeis, dat je dat priuwe. Mar kwa smaakferskil is it ek foaral wat de ko fret. Winterdeis is dat foaral winterfoer, dat rûkt oars en dan is de molke ek oars." Oft de molke fan de iene ko no oars smakket as molke fan de oare ko, dy't yn deselde greide stiet? "Dat doar ik sa net te sizzen", seit Kooistra. "Dan soe der gewoan mear ûndersyk dien wurde moatte."

Johannes Kooistra - Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Kooistra rint sels noch net waarm om de molke fan alle kij apart oan konsuminten te leverjen. "It jout in hiele drokte, je moatte dat wolle. Foar elke ko moatte je der dan in spesjale amer derûnder hâlde. Der binne boeren dy't al húsferkeap fan suvel hawwe en ik tink dat it foar harren better is, want dy hawwe al minsken oer de flier."

Biologysk feehâlder Johannes Kooistra fan Warstiens

(advertinsje)