Doutzen Kroes hâldt op by Dance4life

11 jun 2018 - 13:30

Topmodel Doutzen Kroes hâldt op as ambassadeur by it goeie doel 'Dance4Life'. Dat makke se moandeitemoarn bekend op har instagram account.

Doutzen Kroes by Dance4Life - Foto: ANP

"Nei tsien jier is it hjoed myn lêste dei as ambassadeur foar Dance4Life. Dankewol foar alle oantinkens en dat jimme my de mooglikheid jûn hawwe om it boadskip te fersprieden." Sa skriuwt se yn it Ingelsk op har sosjale media account.

Dance4Life is in organisaasje dy't him ynset foar in wrâld sûnder AIDS. Der wurdt hjirfoar benammen ynset op de sûnens fan jongerein. De organisaasje bestiet yn 20 lannen, en besiket troch middel fan muzyk en dûns seksuele foarljochting by in grut publyk bekend te meitsjen.

Doutzen fertelt it nijs op instagram - Foto: Instagram

Doutzen wurdt opfolge troch model Cato van Ee út Bentveld.

Trefwurden: 
Dance4life Doutzen Kroes
(advertinsje)