Wike fan de útwikseling drokker as ferline jier

11 jun 2018 - 11:57

De Wike fan de Utwikseling, dy't moandei úteinset is, kin no al sjoen wurde as in sukses. It tal dielnimmers gie mei 20 prosint omheech, nei 750. Dêrnjonken dogge der fyftich bedriuwen en ynstânsjes oan mei.

In monteur oan it wurk yn in autogaraazje - Foto: Shutterstock.com

De dielnimmers wikselje in dei fan baan om te sjen hoe't it der by in oar bedriuw oan ta giet. Elkenien, fan manager oant brêgewipper, kin der oan meidwaan. Doel is om de arbeidsmobiliteit te fergrutsjen en minsken mear kennis te jaan.

Meiwurkers sjogge wat de ferskillen en oerienkomsten fan bedriuwen binne en kinne op dizze wize leare fan inoars wurkwizen. Werken in Friesland organisearre de wike fan de útwikseling yn 2012 foar it earst.

(advertinsje)