Fryske sjauffeur is de feilichste fan Nederlân: "Geef elkaar de ruimte"

11 jun 2018 - 09:15

"Het voelt een beetje onwerkelijk", sa reagearre Johannes Ritsma doe't er dit wykein hearde dat er de earste edysje fan it NK Veiligste Chauffeur wûn hie. De ynwenner fan Surhústerfean, dy't yn it deistich libben by Boonstra Transport yn Haulerwyk wurket, wie de bêste fan tsien dielnimmers. Dy moasten praktykoefeningen dwaan, mar ek in eagetest en in oefening yn in simulator.

Winner Johannes Ritsma krijt syn priis - Foto: Willem Boonstra

Der hiene har 1.600 sjauffeurs yn it foar opjûn foar it kampioenskip. Ut in online-test kamen hûndert sjauffeurs dy't yn in heale finale stride moasten foar in plakje yn de finale. It kampioenskip waard organisearre troch in frachtweinmerk en in fersekeringsmaatskippij, mei as doel it tal ûngelokken nei ûnderen te krijen troch sjauffeurs bewust te meitsjen fan feiliger rydgedrach.

Jou inoar de romte

"Bewustwording voor verkeersveiligheid is ontzettend belangrijk, dat maakt deze titel voor mij ook zo waardevol. Of ik nog een tip heb voor alle medeweggebruikers? Geef elkaar de ruimte. Hou rekening met elkaar, probeer goed te anticiperen op alles wat er om je heen gebeurt en vooral, probeer niet altijd en overal de eerste te zijn. De weg is immers van ons allemaal", seit winner Johannes Ritsma.

Hy krige syn priis fan de boargemaster fan Helmond en waard fia Twitter lokwinske troch de minister fan Ynfrastruktuer en Wettersteat.

Johannes Ritsma, de feilichste frachtweinsjauffeur fan Nederlân

By Boonstra Transport waard Ritsma yn it sintsje set

(advertinsje)