De Menaemer Feintsjes opnij bêste fan Nederlân

11 jun 2018 - 08:52

Dweilorkest De Menaemer Feintsjes is snein as winner útroppen by it Nederlands kampioenschap dweilorkesten yn Bemmel. It wie foar it orkest alwer de tredde kear dat se de titel op har namme skreaune. Neffens de sjuery brocht it orkest in sterke, pakkende show dy't sawol kwa muzikaliteit as kwa amusemint fan heech nivo wie.

Oan it kampioenskip diene sa'n santich orkesten mei, dy't elk fjouwer kear optrede moasten.

Foto: Menaemer Feintsjes
(advertinsje)
(advertinsje)