Fryske waadeilannen leare fan tropyske kollega's

11 jun 2018 - 08:21

Oft je no op It Amelân wenje of op de Azoaren, in soad fan de problemen dêr't je tsjinoan rinne binne itselde. Bygelyks hoe't it mei de winkels en de skoalle komt op it eilân of hoe't it bestjoerlik regele wurde moat. In grut ferskaat oan eilannen fan oer de hiele wrâld prate dêr dizze dagen oer yn Ljouwert.

Foto: ANP

De ISISA Islands of the World Conference, sa't de konferinsje offisjeel hjit, wurdt foar de sechstjinde kear organisearre en fynt dit jier foar it earst plak yn Ljouwert. Der wurdt praat oer de feroarjende takomst foar eilannen op de wrâld. Sa komme ûnder oare de stiging fan de seespegel, 'over toerisme' (tefolle toeristen op in lyts plak dat dêr eins net geskikt foar is), duorsumheid en dekolonisaasje oan bod.

Oplossing fan fier

De konferinsje hat in wittenskiplike grûnslach, en it giet dan ek net om it nimmen fan besluten. It praten en analysearjen fan problemen stiet foarop. Dat betsjut lykwols net dat der gjin stappen makke wurde kinne op de konferinsje, sa fertelt Jouke van Dijk fan de Waadakademy, want miskien hat immen oan de oare kant fan de wrâld wol in idee of oplossing foar in probleem dat hjir ek bestiet. Bestjoerders soene de konferinsje brûke kinne om op in oare wize te sjen nei har eigen eilân of gemeente.

Net 'een pot nat'

Dochs binne lang net alle problemen fergelykber: eilannen yn de Stille Zuidzee hawwe bygelyks in stik mear te krijen mei de hieltyd heger wurdende seespegel. Sy sjogge dat as der neat bart, sy oer in goeie 30 jier wol fuort binne, dat spilet hjir yn Fryslân fansels minder.

De konferinsje wurdt ien kear yn de twa jier hâlden. De dielnimmers binne de kommende dagen sawol yn Ljouwert as op Skylge te finen.

Trefwurden: 
Waadeilannen Waadgebiet
(advertinsje)