Kollum: "Grutte Pier is in Wâldpyk"

"Hy, sy en dy. Ik wit noch dat ik foar it earst op de redaksje fan de Omrop kaam en myn prachtige Wâldfrysk brûkte. 'Och heare, wy hawwe der wer in Wâldpykje by', waard der fuortendaliks roppen. En dat kloppet. Ik sis saterdei yn plak fan sneon en haw it oer 'bjartsjen' yn stee fan boartsjen. Mar it wichtichste is fansels noch de hy, sy en dy-diskusje.
Nynke van der Zee © Omrop Fryslân
De Toan fan Nynke van der Zee
Ik kin op ien hân de petearen al net mear telle dy't ik hân haw oer hy, sy en dy. Dat binne stee fêst diskusjes mei in klaaiklute. No binne Klaaikluten gewoanwei kalm en rêstich. Ik as Wâldpykje mei altyd graach wat oalje op it fjoer smite en der is mar ien sin wêrmei't ik al dy kalme klaaikluten stik foar stik oerémis krije kin.
'Neffens my', sis ik dan, 'is it Wâldfrysk it échte Frysk. Jimme hawwe it altyd oer 'hij, sij en dij'. Leuk en aardich allegearre, mar de y-grek moatst útsprekke as y, net as ij. Seist dochs ek net: ik bin in bijtsje ijn panijk. Nee, it is: ik bin in bytsje yn panyk. Mei allegearre y's dus. Sa simpel is it no ienkear. Dus échte Friezen prate Wâldfrysk.' As ik dan tusken noas en lippen troch ek noch efkes meld dat Grutte Pier ek in Wâldpyk is, dan is it hielendal hommeles.
Moatst dy koppen fan dy klaaikluten dan ris sjen. Gleonhjit binne se. De stoom komt se noch krekt net út de earen wei. 'Grutte Pier komt út Kimswert. Dat leit op 'e Klaai!' roppe se dan. Ja wit ik ek wol, sis ik dan. Mar wat hie dy bêste man altyd by him? Jup, in grut mes. En echte messestekkers komme út de Wâlden. Dat wit elkenien.' Einde diskusje.
En dat is net myn iennige oerienkomst mei Grutte Pier. Om derfoar te soargjen dat elkenien it Wâldfrysk brûkt, bin ik op krústocht. En ik moat sizze: dat giet poerbêst! Sa krige ik in skoftke lyn de fraach oft myn kollums - dizze kollums dus - brûkt wurde meie foar de harktoetsen by de lessen Frysk op de middelbere skoalle. Alle bern yn Fryslân wurde no dus oerspield mei myn hy, sy en dy. En dat is noch net alles.
Twa wike lyn wiene de eineksamens foar de middelbere skoallen. Op tiisdei krige ik samar in mailtsje fan it CITO, de organisaasje dy't alle eksamens makket. It mailtsje begûn as folget: 'Geachte Nynke van der Zee, vandaag is het landelijk eindexamen Fries havo afgenomen. De teksten die in het examen worden gebruikt, zijn zorgvuldig geselecteerd op grond van onderwerp, inhoudelijke kwaliteit en taalgebruik. Eén van de teksten uit dit examen is gebaseerd op een artikel van uw hand.'
Jimme hawwe wol yn de gaten dat ik mei myn Wâldfrysk de hiele jeugd yndoktrinearje. Noch efkes en elkenien hat it oer hy, sy en dy. Dan is it net langer Wâldfrysk mar Wrâldfrysk. Allinnich dat sintsje oer Bûter, brea en griene tsiis moat noch efkes oars. Dat kin Grutte Pier as Wâldpyk fansels noait sa sein hawwe. Dus litte we dêr tenei fan meitsje: 'Skarjontsje, in Herder en in grutte bek. Wa't dat net sizze kin, dy stek ik lek'."