Plysje fynt asbest yn bosk Droegeham
Yn de Hossebosk by Droegeham binne jiskepûden mei asbest fûn. Yn de bosk boartsje in soad bern en de plysje hat it dêrom oer in libbensgefaarlike situaasje. De plysje freget him ôf wêrom't de pûden yllegaal stoarten binne, want yn de gemeente Achtkarspelen kinne je asbest fergees nei it stoart bringe. De plysje freget tsjûgen om harren te melden.