Stroomsteuring yn Grou en Jirnsum

10 jun 2018 - 22:02

De doarpen Grou en Jirnsum hawwe sûnt sneintejûn te krijen mei in stroomsteuring. It is noch net bekend hoefolle húshâldingen lêst hawwe fan de steuring. Netbehearder Liander wurket oan in oplossing. It bedriuw tinkt de steuring om tolve oere hinne ferholpen te hawwen.

De oarsaak fan de steuring is noch net bekend.

(advertinsje)